GRUTSK EN LYTS
BRYK IS MINSKE LYK
Rein moete ik by freonen dy’t him net mear sjen wolle, krige mei him wat meilibjen, hy eage iensum. Syn ûnthâld is as dat fan in âlde oaljefant. Do likest in grouhûd dy’t graach op syn eigen slurf spilet, pleage ik in kear, mar dat noaske him net.
Rein garret ynsekten en frjemde sekreetsjes, hûnderten. Brûksum giet er mei syn obsesjes om; mar maten skynt er net te hawwen.
De Balkan, hasto dêr alris west?
Dêr lizze moaie âlde plakken, wit ik, ek moaie kusten, mar west, nee.
Ynienen smeule der bylden fan oarloch en ferdjer fan sa’n tritich jier lyn op myn netflues. Karren fol liken, koppen fan oarlochsmisdiedigers, goede bedoelingen fertoarke ta minne, ferkrêfting troef, doalhôven fan ellinde. Kroäsië, Bosnië, Kosovo, Montenegro… de Balkan waard etnysk útinoar ritst en op grûn fan leauwe opdielde gebieten befochten inoar op libben en dea. Hoe egosintrysk meie jo wêze mei jo persoanlik gelyk, byinoar klonterjend kin it noch slimmer…
Dubrovnik liket in pearel, wrâlderfguod jonge, kom we geane!
Betinkingen rûzje yn it ûnderliif mar fine sa gau gjin wurden… aginda leech, oanbod spotgoedkeap, groepsreis nea dien… Yn ‘e lijte fan ús tegearre wêzen…
Goed, knik ik, wilens it tafelkleed brún ferkleuret troch spatten kofje út Reins kopke, dat botst mei syn knûst fol ferkrommele sûkerklûntsjes.
Dyselde wike al binne we ûnderweis. We ride mei in bus nei it hotel dêr’t we bykomme kinne en dat is nedich, mear as nedich. D’ oare passazjiers blike de santich al foarby, protten knoopje nei harren pensjoen d’ iene reis oan in oare. Harren ferhalen oer in Liuweklub, in sjike Rotary, in Arbeid Adelt of in Mienskip fan Keunst en Freonskip galmje nei… mar mear noch dat iene lûd, útheljend yn ‘e bus, flak tsjin myn ear, foar eltsenien te hearren, fielber yn hierren dy’t rjochtop geane, pynlik yn eagen dy trienje fan ûnleauwe en yn myn lea prykje: doch wat tsjin de man neist dy, dy orkaan fan oprinnende argewaasje, hy lult ús allegear kapot!
Rein bolderbast tsjin my: it binne allegearre smoarge kommunisten hjirre, ja, do ek -syn wiisfinger drukt myn noas plat-, dat anargisme fan dy is neat oars as in fermomjen fan dyn dweperich tinken, watsto tinken neamst, neiprate, mear kinsto net, dat ik útrekkene mei dy op stap bin, it raast oan ‘e protters!
Ik reitsje folslein ferbjustere troch syn gedrach. Dyn heit wie in skruten dûmny, besykje ik him del te bêdzjen, fan in frjemde moatte jo net…
Hâld no ferdomme ris dyn bek! Do hoerejong…
Do likest mei dogma’s doopt, spegelje ik sêft, wy wolle allegear…
Noch ien wurd en ik timmerje dyn harsens oant yn dyn skroatum! Syn drigende wurden wjerkeatse oant efter yn ‘e bus en rattelje as yrritearre kuchjes werom.
Ut ‘e bus wachtsjend op ús bagaazje fiel ik in tikje op myn skouder. Dy maat fan dy is net goed snik, seit in man mei in glimke op syn antlit, lit mar witte as it dy te folle wurdt…
D’ oare groepsleden witte harren te hâlden en te dragen, foarmje in skerm om my hinne en ûndergean deemoedich Rein syn tirades oer hoe‘t de wrâld yninoar stekt en dat wy minsken, wy allegear, better deafalle kinne.
Somtiden rekket Rein in punt… De reis fiert ús ek nei Mostar, nei de brêge dy’t ûnder de ferskrikkingen fan ‘e boargeroarloch kapot bombardearre is. Gjin frou of famke waard net ûnteare, soldaten krigen soldij fan dit alloai… Hoe ûngemaklik rin ik no rûn yn dizze net te ferjitten nachtmerje, dizze swijende kultuer… dy frou dêr fan middelbere jierren is dus… de man dêr op dy bank hat dus…
Wat soe ik dien hawwe? Yn ‘e stoarm weidriuwe mei de wyn? Wêrta bin ik yn steat?
Underwilens speurt Rein lâns muorren dêr’t ynsekten harren feilich wane, skulpkes peutert er los en docht de oantinkens hoeden yn ‘e jasbûse, faget smoargens fan ‘e neils troch syn burdhier en miicht dan hiel tefreden sa fier er kin…
Werom yn ‘e bus werhellet Rein syn ritueel fan praten as in omropper mei in toeter.
Wy besykje kristlike pilgrimsoarden, lykas yn Medugorje dêr’t seis jeugdigen in kear de Mem fan God seagen, soe it? Oan de Adriatyske See wurde we foar in wike ûntspanning stald yn âlde soldateferbliuwen, ferboude doazen fan smaakleas griis beton sûnder wielde of oerstallichheid.
Rein giet der deis syn eigen gong en garret syn kraaltsjes. By it iten kleeft er oan by dy’t him net wjerstean kinne en syn bolderich útsprutsen betinksels net witte te fersêftsjen ta in foarbygeand small talk, hja sjogge harren iten kâld wurden.
Jûns ritst Rein my de ôfstânsbetsjinning fan it byldskerm út ‘e hannen. Syn dwaan en litten lykje wet en mankearje meilibjende bespegeling. Hat er wol yn it snotsje dat ik hjir by him bin? Hy heart my net, hy lústeret net, syn stim slacht oer op kresjendo, gjin sêfte muzak. Syn mei drigende gebearen beselskippe gjalpen krasse my yn ‘e siel, myn bewustwêzen wurdt diffús, ik begjin mysels te ferliezen… De drippen fan syn benul rinne d’ amer oer.
Wat no wer? Op ‘e keamer fyn ik myn handoek besmard -of moat ik sizze beskildere?- mei brune strepen fan syn skiterij, ek lûkt er net troch. It ûnbeskamsume kleuret syn palet.
Oerdeis kuierje ik by de kust lâns en kom ta rêst. Ik stoareagje nei de Swarte Bergen en genietsje fan harren topkes mei wite keinens en oan de wetterkant strielt it wide útsicht oer de sêft kobbeljende golven mei fierderop eilantsjes eagjend as grize skylpodden. It strân is smoarch mei oanspielde spullen: skuon, paraplútsjes, plankjes, ribbekasten fan bisten, tusken takken in opfallend fleske mei wat deryn. Ik slach it stikken, lês in papier:
Fynder,
by stoarm de wei wat kwyt?
Ofspield,
op ‘e nij wer fris en frij …
Op slach fielt de reis nei de Swarte Bergen as ôfrûn. Werom sit ik foar yn ‘e bus, Rein efteryn. Fiks nim ik ôfskie: koart, foar altyd. In stoarm oerlibbe, wiet, mar wizer wurden.
IT LIBBEN LIKET FOARBESTIMD AS UNFOARSJOEN…
Hoe kom ik no dizze jûn wer troch? Deis oerlibje ik mei gewoanten: wekker wurde en rjochtop gean, toskpoetse en skjinje, âlde ploanje oan? Kofje, in trochsean aai, bak en brea mei âlde tsiis dertusken of dy mei nageltsjes? De moarnskrante… dan berjochtsjes lêze en reagearje nei bekoar, letter wat winkelje en ien of oare tafallichheid: wat ûndogensk ûntlokje? In regelrjocht klisjee of wat ûnskikliks. En tuskentroch oan de fleugel foar rideltsjes as maat foar de gloaiende gleonens fan it gemoed.
Foar it museum is it te let, in konsert? Mysels útlitte is in deistich doel, as ik dit net doch begjint myn dea te skimerjen… en wurd ik swier fan wurgens, klibje ik op ‘e bank en stoarje my blyn nei it finster mei foarleine ferhalen.
No ûnderweis, fernuverje ik my oer de folle terrassen, dêr’t ik nea ferkear. Wêrom lûkt my dat net? Wilens dêr freonskippen smeid wurde en ûnderhâlden… Wêrom moat ik dochs altiten bedêst… Mimerjend rin ik alwer yn in ûnrêstich nirwana rûn.
Yn ‘e stege ûnder dy oerkaping spilet in orkestke fan sigeuners, soe ik dêr net by passe wolle, meiïnoar oanhoaie, swinge en mei weemoedige muzyk? Ik sjoch der langjend nei mar skarrelje fierder.
By de Harmony stiet in lange rige. Ik wjirmje my mei lok nei de kassa ta… ja, noch in pear kaartsjes. Ien graach! No net omkeare nei klanken yn in sigerige steech mar opgean yn ‘e beage fan de begoedige gemeente.
Pas op it plak besjoch ik it programma, nei it skoft Beethovens njoggende, it sil dochs net… As bruorren sille wy minsken ús fiele, dizze jûn sil waarmte jaan yn myn herte en ynienen is ek de stoel neist my beset, in folle bak… Ik fiel my opnommen. Himeltiid.
Yn it skoft bleau ik sitten, ha gjin puf om my te ferliezen yn in anonimiteit fan drokke kofjekeamers, haw ek gjin folle blaas. Moai, it lêste tagongskaartsje is ek ferkocht, glimket de frou neist my. Sy wie my net sa opfallen mar no’t se ek sitten bliuwt sjogge we inoar oan. Se liket fan myn leeftiid en seit dat se gjin toarst hat. Se siket yn har taske en offrearet my in kleverich suertsje.
Tankjewol, sis ik opfleurjend. De dame eaget oantreklik en docht kordaat yn har bewegings. As se by it dellizzen fan har taske myn skonken rekket -wat fielt as in waarme strieling- freget se oft ik ek ien fan dy allerlêste kaartsjes bemachtigje koe? Yn in opkommend boerke sûgje ik wat opsichtich en krekt as har snobswiet yn ‘e kiel noch raant, seit se dat se by in freondinne útfanhûzet en dat se sels hielendal út it easten fan it lân komt.
We begjinne te keuveljen en it docht bliken dat wy itselde berop hawwe en sels itselde plan foar in besite oan de krekt iepene útstalling yn it museum. Om’t de konsertgongers al wer weromkomme en stil sitten gean en wy noch net klear lykje mei it útruiljen fan ús nijsgjirrige weetsjes, prate wy ôf om inoar de oare deis yn ‘e kofjekeamer fan it museum wer te treffen.
Wol ik dit wol? Jaget it troch my hinne, lâns skilderijen gean ik ornaris strunend rûn, leafst allinnich, mei romte om my hinne.
De oare dei nestelje ik my moai op ‘e tiid efter in hoektaffeltsje, sa bin ik by de yngong maklik te spotten. Sels om my hinne sjen om myn ôfspraakje te spotten soe my mar ûnwis meitsje. Hoe seach se der ek alwer út? Ik ken har fansiden, soe samar op in oare frou ôfstappe kinne en dan ôfgean as in gieter. Hokker klean hie se ek alwer oan? Ja, dat hântaske…
Wylst ik foaroer wat yn in menuboekje blêdzje, hear ik: Ha, dêr wiest al, wat aardich!
Hast skrokken sjoch ik omheech nei in ferliedelike glim, har byldmoaie eagen glânzje troch it nei binnen fallend bûtenljocht, de sinne skynt hjoed oermjittich en sa docht sy. Hja hâldt myn hân foar de begroeting fêst en om’t hja tagelyk al ien en oar fertelle wol, duorret dit langer as gewoanlik. Hearlik, seit se, om wer werom te wêzen. Ik mis dit plak, earlik, faak tink ik werom te wollen.
Do hast hjir wenne?
Ja, siet hjir op skoalle, fertel my wat. Wêr wennesto?
Hjir yn ‘e binnenstêd en ik haw noch in stekje yn ‘e omkriten.
In mazzelkont dus. Hast al wat besteld? Ik wol wol in wite.
Bier of wyn?
Wat tinksto? Ûnderwilens is se sitten gien en stiet de ober al neist ús taffeltsje.
Foar my mar in… efkes sjen… doch mefrou mar in kâlde sûpe , dat drinkt maklik fuort by dit hite waar, lekker wyt.
Wat dochst my no?
Ik besykje har ta te glimkjen. Mei in waarme tosty derby… hearlik. En doch my mar in tripel. Dit hie ik better net sizze kinnen… dochs wat fan slach doch ik oars as ik woe: in tripel op dit stuit, dizze oere?
Foar my in Pinot Gris graach, ferbetteret myn begeliedster. Har namme wit ik noch net iens.
Sa, seit se, hoe hjitsto eins?
Dat woe ik dy krekt freegje…
Loes. Simpel, mar neam me gjin poes, dat haw ik al sa faak hearre moatten.
In ferlechje tink, mar ik bliuw stil. Wat sjocht se der prachtich út. Ik stoarje me hast blyn op har en hja glimket almar waarm nei my as wol se my oanstekke mei in ynbannich fjoerke.
It is gjin museumwaar, bring ik op it aljemint, te hyt… we hawwe alle tiid…
No, ik moat op ‘e neimiddei wol nei hûs… We kinne ek te kuierjen. It park is net sa fier en dy útstalling bliuwt der noch wol efkes.
We sjogge inoar oan, knipperje mei de eagen, glimkje en gibelje en wer striele we…
Ik ken dy al langer, mient Loes. Har hannen krûpe nei dy fan my en ik sko myn servetsje nei foaren, dan lûke wy tagelyk mar it papier skuort net. Wy laitsje.
Yn it park glydt Loes har hân yn dy fan my wylst ik har besykje te ferdivedearjen mei gedachten út myn beslommerboekje. Dy oarloch yn it easten giet ús dochs ek oan? Ja, myn tinzen binne de lêste tiid nochal tryst en hast deistich kritysk oer de bazen boppe bazen. Yn ús lân wurde subsydzjes foar kultuer ôfknypt, dy foar de riken ferhege en almar leger belêste. Hoewol’t de enerzjike ynset fan in arbeider en syn baas gelyk wêze meie, harren beleanningen binne dat net. Hoe kin in baas himsels yn ‘e spegel talaitsje, him net skamje en dochs tûzen kear mear fertsjinje as syn saneamde ûndergeskikte? De opoffering fan de lêste is dochs heger te priizjen… Sa eamelje ik fierder mei wurden dy’t der no net ta dogge…
Dit is allegear nochal yngewikkeld hear, mient loes.
Se begjint oer in jeugdfreon dy’t yn ‘e polityk bedarre is, sels in neatnutsje út in ferrinne arbeidersfermidden dy’t him de moares en it gedrach fan de boppelaach ta eigene hat. Hy smookt dikke sigaren en rint om by buro’s fan de befêstige belangen, hy is lid wurden fan de Folchpartei Foar Deugdlikheid en yn ‘e Twadde Keamer bedarre.
Dan moat ik him kenne, ûnderbrek ik Loes.
Ja, dat tink ik wol. Janus Wibel, hyt er.
Tocht ik al. Foute fint, ferlakte de boel in kear, dy nacht fan Schmerzen, witst noch?
Fout? Hy is bêst aardich, fideel ek, mar jo moatte him kenne.
Do kenst him dus al lang?
Ja, wy hienen wolris wat… Gewoanlik hie hy in fleurich sin mar by tiden wie er tryst en moast ik him treaste.
Wat die er dan? Myn frijpostige fraach floept der samar út, ik wurd ûnrêstich.
No gewoan wat in man en frou sa al dogge…, tsja…, we hienen altiten kontakt…
Sjogge jimme inoar noch?
Nee, lokkich net mear, stel dy foar… Loes lit in djippe sucht. De hân falt út mines, ik stap wat fansiden en wiis nei it skaad ûnder it lover by in fiver dêr’t jongfolk langút op kleedsjes te loaikjen leit.
Spitich, wy hawwe gjin kleedsje by ús, koer ik.
We kinne dêr wol nei it teehûs, wiist Loes.
Wylst wy fierder rinne fergrieme we gjin wurden mear, de eagen doarmje oer de tafallichheden rûnom, ik skop in stientsje fuort, sûnder oerlis geane we ynienen linksôf en ferjitte it teehûs. Troch in hikke wer op strjitte komme we by in terras dêr’t wy ús oan in taffeltsje deljouwe op in bankje mei sêfte kessens.
Hearlik, efkes rêst… Loes sjocht my gleon oan. En no gjin sûpe!
De sinne waarmet ús sillich, wy dogge de oerstallige klean út, de broeksboksen stroep ik omheech en wy laitsje inoar almar skarluniger ta. Nei de tredde wite wyn sitte wy der gleon by as in arrivearre lokkich stel, alhiel passend yn de omjouwing.
Efteroer lynjend falt Loes har holle op myn skouder en bliuwt der in skoftke as ferdôve lizzen. Ik fiel my teut wurden, har wurden riere yn my om, wurde bylden. Soe ik ek sa wibelje kinne as dy Janus? By teloarstelling? By fertriet? Nei ûnderstelde of ferlerne leafdes gong hy hieltiten nei Loes, om treast te krijen, om syn leafdeslangst yn har ferfoljen te wollen, hy gong fier en altiten wer, stalke har, wachte, rûn mei har op, frege fotografen om sa as in pearke it nijs yn kranten te fersieren, al woe se dat net, foar har wurk koe it ek net, gjin gedoch, rebûlje net mar iepenbierheid al hielendal net. Deugdsumheid yn optima forma, ek dat noch.
Loes liket útslept, har iene hân fiel ik waarm yn ‘e side, de linker hinget tusken myn bilbonken en besykje ik no foarsichtich te ferlizzen. Se kroant en rjochtet har dan: hoe let al, freget se, ynienen wer wat by de tiid komt har yn it sin dat se nei hûs moat.
We hawwe alle tiid fan ‘e wrâld, sis ik, mar gryp nei de broeksbûse: we moatte mar ris ôfrekkenje…
Underweis rjochting stasjon sjogge we hûnderten kuierjen lyk as wy, de middeissinne liket alle herten te waarmjen. It skatteret bliid rûnom as is der net wat tige tragysk geande, ferskuorrend grouwélich, mar wêr’t wy ek gjin wurd oer brekke… Loes en ik prate oer ‘kokes en kealtsjes’ as witte wy net fan it deistich nijs oer in fjochtsjen fierderop yn it easten. Stêden falle ta pún en it tellen fan minskelibbens liket gjin ein te hawwen. Ynienen oerfalle my dizze bylden wer út it beslommerboekje, wylst Loes neist my rint en fernoege om har hinne eaget, me wiist op eigenaardichheden yn etalaazjes en no en dan myn fingers beknypt.
Sille wy maile?, freget se. It fielt poerbêst by dy, wy binne noch lang net útpraat…
Wat ferbjustere hâld ik har steande, stoarje har oan mar wit net wat te sizzen. Myn gedachten dwale ôf mar de holle giet as in boekhâlder te kear en hifket mooglike foar- en neidielen by in fuortsetting fan ús ûnfoarsjoene moeting. Fielde ik my hast besibbe troch ús beiden genietsjen fan Beethoven, ús plan foar it museum, it as fanselssprekkende fan ‘e middei, it hantsjehantsje… Ynienen fiel ik my ûnwis. Wêrom dochs? Fiel ik my yn noed troch dy slommerjende bylden fan de kriich tichteby? Of is it troch dy Wibel? In mingeling? Ik bin dochs net ôfgeunstich op grûn fan suver ûnbegryp?
Ja, litte wy dat dwaan, antwurd ik lustich. Wy binne noch lang net útpraat.
Mar wêrom wol ik mear fan Loes witte? Wat se seit mien ik te begripen, wat se wol is my net helder mar wat se mei my docht rekket myn syl, de ûnderbûk, myn mieningenmenu, wat?
Dy jûns skriuwt se har earste berjochtsje. Der stiet net Bêste boppe, of Eala, mar Leave. Ik kin in nokje net keare. Leaf? Kaam ek Rju Eale net yn har op, of… Hoe kin se my tsjutte mei Leave wylst we inoar noch mar koart kenne? Dat ‘leaf’ kleuret mear har eigen belibjen, har keazen ferbân, wy tegearre yn in leave sfear, ientsje mei takomst, faaks wol ientsje fol gleonens, wit ik fan har wanten? Slacht myn ûnwissens no op de rin? Lonket Loes nei leafde? Prikele troch myn spuide sinnen?
Bin ik in siker fan spikers op leech wetter, in earteteller, of in omweirinner…?
Labbekakkich antwurdzje ik mei fragen oer dy Janus fan ea, dy Wibelaar. Wie Loes it doetiids iens mei syn wanen of fielde se har dermei ferienige? Want wêrop wurde jo fereale, op in uterlik kreas plaatsje of op inerlike bagaazje? It falt my swier ynlik te wêzen mei in konstante tsjinpoal en ûndergraver fan myn eigen byld, úteinlik falst om. En syn partij, dy fan de deugden, stie der dochs op oan om in boat mei flechtelingen werom te stjoeren, minimumlijers sûnder kânsen, sels siken yn eigen sop te kôkjen…, en de keunsten -witst noch?- dienen der dochs ek net ta?
Ynienen wreide me wer beslommeringen oer it mêd, ik hear fioelen yn in finzenekamp… in lêste hymne foar it fatale skot, sjoch memorabele gebouwen ynstoarten, in teäter mei hûnderten âlden fan jierren, frouwen, lytse bern en babys bombardearre, de dea as triomf, op muorren in Z kladde as eindesteken fan it alfabet fan minsklik falen.
Loes hat it dêr net oer, lêst myn beslommeringboekje net, se is luchtich en lustich yn har wurden, har berjochtsjes topje oer inoar hinne, hoepjeie samar dwers troch myn harnas hinne, meitsje me weakich en sels weemoedich langjend nei wer in tegearre wêzen dat se beskriuwt as in himelsk miel dêr’t de geuren har al fan bedwelmje. Se wol nei my ta komme, me opsykje yn myn bûtenstee, it plak dat se seit te kennen en dêr’t se fan hâldt, dêr’t se faak lâns doarme mei fiergesichten oer wetter en greiden, wylde fûgels spotte, gûnzen út fiere lannen, feestlik feare einen, ljippen fereale yn ‘e wolken, rêstige reagers en reidhinnen… Loes giet mar troch, sjocht falken op mûzen dûke, roeken en krieën jagen… Wat yn leafdesnamme wurdt myn diel fan har miel?
Dan bellet se om myn adres en ik begjin -no troch har tige oerémis- te beskriuwen hoe’t se by my komme kin. Healwei ûnderbrekt se my en beskriuwt sels it fytspaad, it útsjochplak foar frjemde fûgels, it spoar… se rept sels fan de ûle yn myn tún. Dêrnei falt se stil…
Moarns leit der in briefke yn ‘e bus: Kin net mei dy fierder gean. Wibel wennet dêr te ticht by dy. Unfoarsjoen rekket har skot myn beslommerboekje… of wie it al foarbeskikt?
Leafdes eabel en om striid priizge. Mije liket better as lije.
De knoop
Myn suster, Welmoed, freget oft de knoop dy’t se by de bank sjocht fan myn âlde ribfluwielen broek is, de gulp falt op om’t dy wolris iepengiet. Knopen binne somtiden lêstich yn en út harren gatsjes te krijen, se kinne dwers dwaan as it libben sels. Jou my mar in ritssluting.
Hoewol…, dy foarhûd en dat bloed dy kear… As in moaie besnijenis, myn jonge, no behearst der echt ta, sei heit earder. Seis wie ik, learde wat skrieme is.
It gemak fan in knoop hinget gear mei de meigeandens fan it gatsje. Hy moat der trochhinne treaun om der wat ûnreins of opstannichs tadekke wurde kin, yn gefal. Dy knoop fan my is eigenaardich -moat ik tajaan- want kantich fan foarm, mar fierder aldendeisk doelmjittich.
Hoewol’t Welmoed allinnich mar oer in knoopke rept, fiel ik my betrape en ûngemaklik.
Ut gewoante hie ik ynstimd mei har fersyk om ‘op te passen’op de lytse. Doe’t ik myn hûs ôfsleat om nei dat fan Welmoed te rinnen twong der in frjemde frou har oan my op. Har skaad oerfoel my op strjitte, ik stûke efkes fan ‘e skrik. Hja hie betize dûnker hier en wie behoarlik lang. De mei swarte maskara omrâne eagen priemmen bretaal yn dy fan my. Swier opmakke lippen leinen as gleonreade pipers ûnder har puntige noas. Hja makke har bekend as Liz -gibele se no efter de hân?- en sy kaam hielendal út Kopenhagen om my as Kabouterriedslid te ûnderfreegjen oer de nije politike idealen yn ús lân, mei mooglik hjir it ûntstean fan in Frijsteat. De ûntwikkelingen binne ynternasjonaal opmurken en hawwe yn Denemarken rûn Kristiania al in ferfolch krigen. Liz moatst no foar har deiblêd Politiken skriuwe oer de ludike rebûlje dy’t foaral it roerige Amsterdam en ek Ljouwert, al wiken ferljochte.
Ik sei no gjin tiid te hawwen, se hie har earder melde kinnen foar in petear en ik moast dalik fuort. Moarn miskien? Of se soe in oar freegje kinne, ien fan myn kornuten? Kabouters genôch, boppe- en ûndergrûnsk. Abe? Pier? Roel? Trinus? Piter? Obe? Mar nee, ik wie har krekt rekommandearre en se wie yn alle hasten nei hjir flean om de wykeinbylage fan har krante noch helje te kinnen mei har wjerfarren.
Om’t hja oanhâlde en dit hiel minlik die, sloech ik har foar om mei my mei te gean, dan koe myn bûter daliks by har fisk. Sa waard der gjin tiid ferkrûmele want ik wit my somtiden breedsprakich: ik hâld fan in omgong mei wurden mar dy nimme al gauris in loopke mei my. Ik fertelde Liz fan myn oppasbeurt en hja stimde der mei yn my te begelieden.
Troch it opûnthâld wie Welmoed al fuortgien doe’t wy der oankamen. Liz nestele har yn in maklike stoel, ik gong ûntspannen tsjin har oer op ‘e bank hingjen nei’t ik tee ynskonken hie en me nochris ferwûndere oer har komst. Liz pakte har skrift en draaide har balpinne iepen, hja pielde der mei om troch dy hieltiten hin en wer yn har fûst te beroeren. Nei wikselingen fan wat idele wurden, in ferlegen hin en wer fan net hiel passende en wat boartlike opmerkings, goaide se har iene foet oer d’ oare en ynstallearre har bilbonke as skriuwtaffeltsje. Ik liet d’ eagen mei fernuvering oer har hab-en-hâld glide, frege my ôf wêrom’t hja net oan tafel sitten gong, stelde fêst dat hja loftshandich wie en lange fingers hie mei -foar dit fraachpetear?- yn in oranjekleur lakte neilen.
Nei in hilarysk oerke mei anekdoatyske klassikers oer Provo -sa as it goederjousk famke dat krinten útdielde en dy’t troch in bang stedsbestjoer yn de finzenis smiten waard, en fan Kabouters dy’t mei geastferromjende smokerij de hiele gemeenteried lekker rûke lieten, foel Liz ynienen de pinne út ‘e hannen.
Gosh, rôp hja út en sprong op, gosh! Ik wist net sa gau wat der barde. Liet se dy pinne net gewoan falle? Dy pinne lei no oan har fuotten mar se stompte dizze mei opsetsin like it wol, fierder nei ûnder de bank en ynienen lei Liz foar my op ‘e knibbels…
Moat ik dit komysk fine? frege ik my ôf wilens sy efter de bank krûp, om dêr har pinne op te krijen? Gosh, sei se wer, gosh, look, look…
Ik gong stean, rûn nei har ta, bûge foaroer en merkbite wat dryst: do likest wol in wylde barch dy’t nei truffels siket yn it bosk.
Wat der doe barde kleuret myn libben noch altiten as in ûntgriening.
Liz hie me daliks stevich fêst, rjocht foar myn raap om sa te sizzen. Al wibeljend foaroer steande lûk se my om en lei yn in sucht boppe op my, ûnhandich, oerdwers, my ferm yn it krús fetsjend, har mûle snuorre mines en ûntnaam me alle siken.
It ûnbehaachlike wie net iens wat my oerkaam, al stie ik der stom foar. Welmoed koe samar weromkomme… mei har hannen foar har lippen, har sprakeleazen… Yn ‘e fallen stilte soe ik noch mear ferstiivje.
Underwilens strûpte Liz myn broek mear nei ûnderen ta, skuorde dêr in broeksbokse? Wat sprong der fuort?
Wacht, rôp ik, en lûder: wacht!
Wêrop? Liz lake, lake sy my út?
Ludyk binne jimme dochs? Dat lichtens libbet dochs yn jimme wêzen? You goblin…, sokssawat kreame se út.
No hie se ek myn ûnderbroek al beet en luts dy sa fansiden dat hja mei har hân dat wat der taheart stevich fêst omklamme en as har balpinne begûn te strieljen, hin en del, op en wer.
Live your pleasure! Yeah, you little man. Yeah, yeah!
Hoe soe soks kinne, sy twaris myn omfang op my, myn hannen ûnder de rêch…
Yeah… You!
Me? Me too?
Yeah, hime se, yeah, you too!
Me too…, oh gosh, en dit net sa bedoeld…
Pure nature! No bullshit… Lust ûntlokje, soks, mear flarden spuide se oer my hinne. Ik ferstie net alles, woe eins ek net witte wat se woe en koe.
Ik moat jimme libben ûnderfine, meibelibje! Oars kin ik der net rjocht oer skriuwe…
Wat? Ik wâle no fol ûntsetting, âle suver. Wat hat dit mei myn libben te meitsjen? Mar de ferlegen provinsjaal yn my, dy fan eartiids, kaam troch de doar…
Liz koere wat se woe. Jimme binne dochs fan dy frije leafde? Well, me too! As gjin oar!
Wylst har azem my as in hite steam lâns de nekke wâlme, hâlde hja myn earmen handich ûnder myn rêch beklamme. Wûnderaardich luts se tagelyk it jakje út, har oan Deenske strânen bleakere boarsten batsten pardoes op myn wangen.
Do bist dochs fan de Politiken?, pypte ik, do kaamst dochs praten foar in stik yn dyn krante?
Seach ik ea immen sa triomfantlik nei my sjen, stoareagjen, glimkjen? Sa fêsthâldend, sa lang? Ja, mem ea… wierskynlik…, beppe ea, myn allinnich wenjende muoike dy’t altiten abbekaat op tafel mar gjin gebit mear hie, ea…
Underskaat fan libbens, tiid en romten, liken te ferranen. Ien mei alles, soe it kinne, oerkaam my dit? Opgean yn wêr’tsto net wêze wolst? Bûn troch in ferskaat yn wêzen? Unwillich ferbûn as yn in knoop fan skuonfiters?
Underwilens lei ik Liz stil te ûndergean. Wy beiden lutsen oan ‘e tiid, hoeden woegen we it gewicht fan ús izers, op it each sûnder beweging, as by in toulûkerij wol bard.
No Liz fernaam dat ik net yn har ritme meifear, dat ik har mear skoude dan op har yngong, as net oandien sels har hân begean liet hoewol’t de broek al op ‘e inkels lei en ik fersloppe as waaks, ûnsichtber as oplosse sûker, ik har smaak net wie, net fan in stevichheid dy’t sy har fantasearre en yn har winske, waard hja bedaard, ûnwis miskien, ja oandien, har wangen waarden wiet en hja flijde har antlit neist dat fan my en begûn stil te snokkerjen.
Yn ien slach waard ik master fan ‘e situaasje. Hoeden ûntdie ik me fan har fêstklampende hâlding, rôle de broeksboksen omheech en socht in kessen op ‘e bank dat ik ûnder har holle skode, wylst ik Liz almar oanseach en delbêdzjende lûdsjes makke, sêft aaikje oer har hollehier en sels in tútsje joech. Har snotterjen waard minder heftich mar hold net op. Ik pakte in papieren doekje en begûn har hoeden droech te wriuwen, ek frege ik of se wat te iten of drinken woe.
Liz stammere wat ik net ferstie, se pakte myn hân en frommele dy yn har mûle. Sa rekken we sûnder praat en beweging minutenlang yntins yntym.
Ik begûn me yn in leechte te wanen dêr’t ûnbekende romten my oerstjoer makken. Us azem wurke wol as strieljende strikerkes mar bedaard en fredich fielde ik me net, ik waard minder wis en wif nei’t we langer -dêr tegearre sa swijend- inoar beklammen.
Wat gong der yn har om? Wat moast ik dwaan?
Antwurden ferwaaiden as ûnberikbere blommen plúskes.
Stadich kaam Liz oerein en los fan my. Hja fage mei de mouwe oer ‘e wangen en skode harsels yn in lotushâlding. Doe rjochte se har holle nei my, wat ûnwis, hja glimke as biede se har ûntskuldiging oan. Ik seach ta en sei gjin wurd mar sy begûn te praten.
It sil dy wol ferbjusterje… Ik bin al mem fan trije bern. Se hawwe allegear in oare heit. Aardige mannen hear, moaie, en ek goed telâne kommen… Liz seach me efkes oan en spytgnize nei my. Somtiden sjoch ik harren noch, gong se fierder, almeast by tafal. Kopenhagen is in doarp, hear. Mar harren bern sjoch ik net, en se ferhûzje gauris. De bern, tsja, se binne net mear fan my.
Hé, ûnderbruts ik har, do hast se dochs op ‘e wrâld brocht?
Ik waard in ûntaarde mem en sûpte graach, ja, in protte, in hiel protte. En ik brûkte alle drugs dy’t foarbykamen.
Do hoechst my dit allegear net te fertellen.
Jawol, oars begrypst myn hâlden en dragen net. Sorry, ik woe dy net…
Do kaamst nei my om dy oer de politike tastannen ynljochtsje te litten foar dyn artikel.
Och, do moast ris witte…
Wie dit in ferlechje?
No’tsto it seist… Liz lake no wol hiel skarlunich. Ik begûn me krigel te fielen.
Ik kaam nei hjir om’t ik fuort fan hûs moast, fuort fan alle oandacht, myn problemen oersjoch ik net mear, ik woe ôfstân nimme en fier fuort, tsja…, dêrfoar brûk ik dy miskien wol.
Hja besocht my ferûntskuldigjend oan te sjen mar har laits makke dat ik my minder op myn gemak fielde. Wêrta krige ik dizze ferhalen foarset? Aanst blykt har oernachting noch net regele, sit ik dan mei har opskipe?
Liz prate fierder oer har sosjale libben, fertelde oer har earste -en iennige?- filmrol. Dêrnei ferlear hja har yn ‘e pleatslike societywrâld. Hja waard in leaf fan bekende filmakteurs, telefyzjemantsjes en sporthelden.
Skynber achteleas djippe sy wat foto’s út it hântaske. Ik seach in jongere útjefte fan har yn fonkeljende toanielen en betrape my derop dat ik ûnder har flaaierij my wol liene koe foar it klaaien en knoopjen fan d’ each strieljende klaaiïng.
Dyn bern kamen…
Ja, we wennen gewoan oeral, sis mar kommunaal, altiten wolkom, altiten swiete ynfal… Moarns lei der faak immen oars neist my as dy mei wa’t ik yn sliep fallen wie. Hiel ûntspannen, mar fan wa’t de berntsjes wienen kamen we pas letter te witten…
Ferbjustere stoareage ik Liz oan. Ik fielde me bernlik, net wittend fan ‘e wrâld bûten d’ eigen doarpse stêd of hie ik altiten mei blynkapen foar d’ eagen rûn en die ik dit noch? Hoefolle boeken hie ik net lêzen? Hoefolle sprekkers net oanheard? Petearen hie ik hân oer filosofyske fragen dy’t ik amper befette mar dêr’t ik wol mei wist te showen, en alle dûmnys hie ik ôfsward, dogma’s yn kasten stoppe…
De sixties en seventies, hé? Blommen sierden de hollen, bestoden ús dreamen…
Ja, moai, mar dyn kroast, dyn bern? Ik waard ûngeduldich.
Liz rikte nei har taske en socht wat wylst se frege: wolsto werklik witte wêrom’t ik hjir bin? Fan dy krante is wier, ik moat wat skriuwe oer jimme hjirre, mar dat is bysaak freon. Ik naam dizze opdracht oan om fuort te kinnen.
Do seist it wer: wêrom fuort, en safier?
Ik bin wer swier. Do hast gjin idee, hé?
Ik skrok me in pûst. Yn ‘e breinpanne begûnen bange fermoedens te bonkjen. Brûkte Liz my om in heit te finen? Ientsje fan in willich soarte, net te serieus mar boartlik as de sfear dy’t se yn myn wenstee ferwachte oan te treffen? En fier fuort, anonym foar har fans en yn har stêd net skealik foar ûnderlinge oergeunst? Ik stoareage har oan, frjemde frou mei breidene hântaske, wiid iepenfallende rok mei kleurige mar klammerjende blommestronken.
Liz djipte kleppers op út har taske en begûn dy mei sin ôf te fegen oan har mouwe. Se ferraste me mei har kastanjetten, makke my de holle wyld mei har meneuvels. Dêr begûn se my ynienen te dûnsjen mei har fuotten al mar heger. Lûder en lûder klonk it ritmysk begelieden fan har dûnskleppers. Letterlik folslein slûch en sleau siet ik derby en seach dernei.
Dat de doar iepengiet hear ik net. Dat myn suster hast ûntploft fan argewaasje, wurd ik pas letter gewaar. Welmoed rint daliks nei de bernekeamer en hellet har skriemende skatsje út ‘e widze. Werom yn ‘e keamer sjoch ik se pas, dy ljochtbrune ruft lekt…
Liz giet yn harsels op, yn har dâns- en kleppergedoch, holle omheech en neat yn ‘e gaten. Hoewol’t d’ eagen fan Welmoed fjoer spuie rin ik op Liz ta, dan kear ik wer, pak har hurdhandich beet en wiis op Welmoed, dy’t der stiet te wibeljen mei ferwoeste eagen op Liz rjochte.
Sy skrabet yn alle hasten har spullen byinoar, draaft nei de doar en sûnt hear ik -hoewol’t troch har fantasije oer in Frijsteat fol fan in leafdeslibben mei har betize- nea ofte ninter wer wat fan har.
Dy knoop, freget Welmoed nochris, dy is net fan dij?
Amathilda
Foar it breidspear is in bosk blommen genôch, in boek, in fleske wyn of in kadobon, mar ik jou in holhoarnich evenhoevich sûchdier, in lytse neikommeling fan de Germaaanske Gait. Ûnderwilens libje der mear as twahûndert rassen lykas dwerch- en lân- en berchgeiten of dy foar de molke. Nei’t hja 150 dagen troch de memmen droegen binne wurde se wol fyftjin jier en âlder: in duorsum geskink… Hoewol stiifkoppich binne geiten nijsgjirrich, aai- en ytber, se hâlde fan selsskip, foaral hobbygeiten lykas dizze lytse hagelwite.
Se hippelet mei oare geitsjes op ‘e hynsteblomrike grûn yn it hôf by in befreone boer yn ‘e mieden. Alle sturtsjes swypje hinne en wer, ik stean der wat dreamerich nei te sjen. Dan til ik myn geitsje op. We sjogge inoar efkes yn ‘e eagen, ik hoopje in glâns te sjen dy’t it hert ferblidet mar harres hawwe wat dizichs en drôvichs, yn ‘e eachholtes hingje stjurre trientsjetriedden. Ik doopje har Amathilda, in namme dy’t my net oan oaren tinken docht en my ynfalt no ’t ik har optil. It is ek in namme út ‘e âldheid dy’t oan trammelant tinken docht en hja mêket daliks al as ik har yn ‘e Ein laad, myn ferinnewearre mei kanvas bedakke karke. Dat mêkjen kin ek laitsjen wêze om’t ik Amathilda wat oan it kiteljen bin. Us omgong moat noch wenne, of doch ik wreed?
Fan de leafde lykas dy fan de trouwers begryp ik oars mar in bytsje. Ik bin net herteleas, krektoarsom, mar oanhâldend giet in leafde by my net as foarsjoen, steefêst ferrint se eigenaardich.
Sa waard ris in freon yn it sikehûs opnommen, ik sykje him elke dei op. Hy leit der foar de geastlike ferwurking fan in tekoartkomming dy’t ik net krekt nei komme kin. De ferpleegsters prate der besmûsd oer. Wannear’t se him waskje liket it mei waarm wijwetter dat hja salvjend mei strûperige sjippe oer it liif floeikje litte, in sakraaleftich en wat oerdreaun koezjen, mar dat makket my net oergeunstich. Ik haw yn dy tiid ek in famke, ja echt, in romboarstige mei wa’t ik lange petearen hâld, earst yn ‘e bibleteek dêr’t se wurket en al gau op myn keamer dêr’t se de jûns der tsjinop sjocht om noch nei har eigen hûs ta; sa bliuwt se gauris en keuvelje we nachtenlang troch.
Wannear’t ik in wykein nei myn âlden bin freegje ik har dy freon fan my op te sykjen yn it hospitaal. Op in jûn dat ik der sels wer kom tref ik harren hân yn hân en blykt har leafde foar my oerfloeid yn dy foar him, hja wenje no tegearre.
Dit fernuvere my, mar tagelyk ferriket it ek myn libben harren lokkich te sjen.
Myn leafdes lykje bot ôfhinklik fan de tiid yn ’t jier. Simmerdeis keats ik graach en swim wol yn iepen wetter, yn ‘e hjerst skilderje ik mei leafst kleuren fan deageand grien of sykje poddestuollen foar in mearkesmiel. Winters swierje ik mei nocht oer it iis en yn ‘e maitiid swalkje ik yn it fjild en warje foar de fûgels. Fûn ris it earste ljipaai en moast nei de keninginne, siet doe as in bloarre deun njonken har yn myn koarte broek mei galgen. Sy luts my hast op ‘e skurte, tige betiizjend; ik rekke it aaike kwyt, hie ik it sels mar opiten. Hja brocht my nei har eftertún, dêr hie se bisten en mocht ik har bokje aaie. Dy like sa wyt as ryp wol op Amathilda, mar it begûn te migen as in rún, oer har skuon… we laken mei ús beiden, it fielde waarm fertroulik. Woesto ek wolris in bok wêze, frege se. Doe krige ik in kleur as in byt, wat bedoelde se no?
Passys belibje ik as ûnûntkomber. Binne dy oanberne, oanleard, wurde se yn ‘e skurte wurpen? Dije se ûnfertocht? Sûnder te wollen? As gewaaks? Túch?
Myn grutste leafde moetsje ik op ‘e earste stúdzjedei yn ‘e stêd. Wannear’t ik op har netflues klibje stapt se beret myn kant út en laket my ûnwjersteanber ta. Har wissens strielet as dy fan in ripe âlderejiers. De brune eagen boarret hja yn my as in flesse-iepener mei skerpens foar in tige wrongen en útdroege koark, hjir wit se wol ried mei. Hja priemket my mei har fragen en lûkt my los út myn ferstive foarkommen. Dy jûn al rinne we hân yn hân en binne dêrnei ûnskiedber. Ik wurd bern oan hûs by har âlden en lústerje in protte nei har heit dy’t oan ‘e akademy les jout oer etyske kwestjes: binne dy bygelyks foar minsken fan in oare oarder as dy foar bisten? En minsken ferskille, krekt as kij en geiten… Dat myn leaf útrekkene sa’n provinsjaaltsje as ik bin útkiest as har maatsje, bliuwt ûnbegryplik en fuorret myn ferlegenens.
Mocht it bibleteekfamke maklik mei in ferlechje tusken de lekkens gliede, myn grutte leafde mist dêrta de nedige faasje. Sy is mear wend oan galantery, oan noch restearjende hoflikheden. Net streekrjocht, leaver wol se in blokje om.
We binne alle dagen byinoar, …
(…)
Pyklyts ferhaaltsje
Yn ’e eftertún i de muzyk út it doarp goed te hearren. Oer de dakken fladderje feestlike klanken en bytiden gûnzet in sêfte fioele troch de steech. Mar Lovisa harket net. Op in flapstuoltsje sit se stil foaroer en har hantsjes aaie en aaie: der leit wat yn har skoat. Do kinst bêst op ’e muzyk springe, dûnsje of sjonge… asto wolst. In gazen stjelp fong de klanken, de hinnen drave der fleurich efter in langearknyn oan. Mar Lovisa sjocht it net.
Ier en betiid wiene de hinnen noch op stôk en dreamden, mar Lovisa net. Hja rûn op ’e teannen troch de hinneloop en hong fersiersels op dy’t se makke hie fan griene koalsblêden en woartelkrûd. Dêrnei trippele se nei de sokjeshin dy’t op sân aaien siet te brieden. Hjoed kamen de piken, dêr wie se wis fan, it wie dochs keninginnedei? Romke, har healbroer, hie it sels sein en dy wie al njoggen. Lovisa wie mar seis en safolle piken woe se ek, foar alle jierren ien. Miskien koe se der wol ientsje oan ’e buorfrou jaan, want dy wie hiel leaf, dy joech har faak snobbersguod. Mar se hie wol in swarte kat!
Hoeden glûpte Lovisa werom nei har heechslieper. Wat koe se dwaan? Se tocht oan koekehappen en ranjadrinken. Meie piken ek… se sakke út har bêd en rûn sêft nei Romke dy’t se mei in pauwefear út it pinnebakje wekker kitele.
Efkes letter wiene se tegearre by de memmehin dy’t drok wie mei de aaien en sjoch… sjoch, in pyk, twa, wol trije, noch ien en noch ien, it wiene der wol tsien!
‘Ha, dat kin hielendal net,’ Romke liet hoeden in dûnzen dotsje yn Lovisa’s hantsjes glide. Stadich rûn se werom it hûs yn. ‘Mem, heit, de piken binne kommen!’ Se gie fuortdaliks nei de breatafel en efkes letter wie it as har krûperke ferskûleboarte efter potsjes jam, appelsjerp en nútsjesmoar. Of wie it p pyp pak me hin, pyp pyp as jo kin?
‘Wist heit wat er die doe’t er sa lyts wie?’
‘No nee, bytiden kinsto witte watsto dochst Lovisa, mar meastal net.’
‘Heit paste net yn in aai, jong,’ wist Romke ‘minsken komme as keallen, dat hasto dochs wolris sjoen?’
‘Hé, dy is gek,’ rôp Lovisa him ta. Se die har giele skoatbistke ûnder de keamerjas.
‘Ik gean earst nei it doarp,’ wiisde mem ‘kom we geane efter de muzyk oan. En der is in rommelmerk.’
‘Mar mem, ik wol de piken net allinnich litte, dat fyn ik sa, sa begrutlik.’
‘Wol sit op it skiep, fanke.’
Efkes letter rûnen se mei har fjouweren it doarp yn, mar Lovisa gie nei in pear minuten allinnich werom. Thús wie it dochs ek feest? Seis piken, nee, wol sân.
Yn ’e eftertún is de muzyk út it doarp goed te hearren. De klanken komme oer de dakken en troch de stege en gean lizzen yn ’e fersierde hinnestjelp. Stil is it der net: opwûne hinnen keakelje en happe heech nei de blêden koal… as is it koekehappen. Mar Lovisa sjocht it net. Se sit op in flapstuoltsje foaroer te aaien en aaien, in giel dûnske yn ’e skurte.
Fol ferhalen komt Romke werom. ‘Lovisa, wat bisto stil.’
Stadich draait har holle omheech. Sy hat betrienne eagen en pipet sêft.
‘Hy docht it net mear.’
Opmerking: pie pie pak my hin, pieppiep as jo kin: pie is in twalûd, wol de skriuwer dat? Pyp pyp soe ik sels sizze….feroare Koalblêden moat eins koalsblêden wêze, dy taalregel fyn ik net passen… (?)wol feroare, better net?
De romte hat gjin ein, de tiid net.
Har hannen streaken hoeden lâns it lêste lekkers. Yn ‘e binnenbûse fan it jaske wiene losse lusjefers, floeikes en wat tabak foar in sigaret of twa. Yn ‘e rjochterbûse siet in reade goudrenet en in flymskerp meske. Yn ‘e linker fielde sy de sûkeladekoeke mei apenuten. Hja ruts har tefreden út mei de skouders strak en it boarst nei foaren. Einlings wie it safier. Alles wurke mei. De temperatuer wie sêft, de wyn swak en it sicht noch helder. Der wie net ien te sjen. De wei wie dearinnend -sei in boerd- en rûn ôf nei it tinne iis. De boat soe net komme. Miskyn moandei wer, dan wie sy der allang net mear. No allinnich noch wat ferlette ljippen dy’t langjend oer de wjokken tommelen. Hearlik sa’n jûn, hjir doarme it ûnbehindere libben.
Sophie skopte de steander ûnder de fyts fuort en gong skean op ‘e pakjedrager sitten. Stadich rôle hja in sigaret, struts in lúsjefer ûnder de soal oan en sykhelle djip. Har swiere Widdo fielde yntinser en hiter as gewoanlik. Eins soe it faker barre moatte mei it idee fan ‘e lêste kear… Mar alles hat syn tiid. Hja digere nei links en nei rjochts. De lytse kade like ferfallen en nutteleas. Efter har hie de polder ek al ferlitten west. In pear hokkelingen en in keppel wylde swannen, mear hie se net sjoen.
Mei de reek blaasde sy gedachten fuort, fan froeger en koart lyn. De toete lippen poften rinkjes dy’t starich fuortdreaunen op ‘e jûnsdauwe. Sophie glimke en fielde har licht en lokkich. Yntefreden mei de fergonklikheid. No trof har libben it eigen doel, sa as dizze wei hjir syn ein hie. No soe it barre. Net sûnder reden.
Boppe stode in satelyt foarby yn in feal moanneljocht.
Hja naam de apel en it mes en snijde de skyl yn in lange krol fan it fochtige fruchtfleis, slokte dy as in hjerring troch en begûn dêrnei betochtsum oan de apel te sûgjen.
Hiel heech wiene in pear stjerren te sjen. Se strielen swak en stienen te ferspraat om der in byld fan te meitsjen.
Sa’n protte libbens, safolle leafdes en dan alles fuort. De lêste kaam út Seisbierrum. Wat koe dy krieze en skrieme! It eangstswit altiten, en dat skûmjen! Dat makke har lilk. Siedend! Sa oerstallich wie it. Sa’n ferkearde sjú by it fleis. Skande!
Prot seach se en gong fersitten. Sy fielde har stiif en stram op ‘e bagaazjedrager. It liif like hurder te wollen as sy sels. Earst moast alles op oarder. Yn oarder. Har oarder. Leech fan tebektinkens fielde sy har neat en nimmen mear. En dan oplosse yn in sels útkarde ein. In pear nuten noch om te kreakjen. Har mem Ka, dat kreng, dy’t fan har net witte woe…
Sophie bruts in stik sûkeladekoeke, smiet it yn ‘e mûle, sûge it op en kôge doe har tinzen.
Yn ‘e fierte kamen ljochten dy’t har pas opfoelen doe’t hja in motergûnzjen hearde. Sy skrok net, bleau kalm, wie wis fan har died. Twa plysjes stapten út in auto. De jongste, dy mei in stôk oan ‘e rok, frege: ‘Alles goed?’ Blikken wikselen.
‘Dat is tefolle sein.’ Hja draaide de lêste sjek en stuts der de brân yn. ‘Wat wolle jimme?’
‘Poalshichte nimme, dat is ús fak.’ Reek kringele tusken harren omheech.
‘Gauris,’ sei de oar, ‘binne hjirre pearkes op dizze oere, soms rint it út ‘e hân.’
‘Dat kin ik my foarstelle.’ Sophie kattepûle it peukje fuort en sprong op ‘e fyts no’t har foarnimmen gjin kâns krige. Mar de plysjeauto swaaide, gierde en gnjirre efter har oan, en doe yn in flits… in wraam tusken de ljochten.
Har tiid hie dochs syn ein. Op ‘e side lei in fytstsjil ûnskansearre te draaien.