Leafdesflecht

          1

Nim me mei
lit my net
wêr’t ik bin.            

Ik wachtsje
en langje
nei dy.

Yn fjoer en flam
dôvje ús net.

          2

Yn ferfiering is
ús lusthôf
frij fan wil.

Út ‘e wolken
dript gjin
trien.

Opluchte koert
de grûn fan
gearfloeien.

          3

Wylchen spegelje
dreamen mei
rûme rokken.

Yn in bêdfol
blommen
libbet langstme.

Koarn
ripet
yn ús lot.

          4

Geduerich fierkje
yn ferstoarne oeren.

Dagen ûnberoaid
útwiske.

Wy  boetsearje
ús byld
nei goedfinen.
We lichtsje it tafol op.

          !
          !
          !
          !

          5

Lêst falt swier
as de lust
net befredicht.

Dyn sêfte hier
libbet no op
pikefel.

          6

Dip my mei
sinnen salve
op wûnen
fan ferlies
troch dy.

Dôvje ús net
lit my
wêr’t ik bin
út ús bekoarjen.

Ferslach fan in kuier

Rjochtsom it hûs út
rûnen wy links in leane yn
en swalken oer âlde grûn
nei in heger plak wêr’t
yn it midden skiednis pronke.

In stoere toer mei syn skip
fan reade stiennen noege ús.
Hoewol de dei noch sneon
wie de doar foar wolkom iepen
en doarmen wy dêr fierder.

Sa skoan beheind waarden wy
troch de skientme fan sin en ienfâld
opnommen, ferbjustere fol betizing:
wa, wat libbe hjir, wat noch yn ús?
dit fregen we de frou dêr mei in kaai.

Sy wiisde nei rûnom de grêven.
Wy swalken wer links en rjochts,
oer smelle paden tusken de serken
seachen dy fan Doekens, Ruig en Cupido
âld en jong út ‘e tiid…, wy noch yn it no.

Skylge, 12-09-20, Folkshegeskoalle.


Yn ‘e no-tiid

By it wekker wurden bist wach
by it waskjen as waarm wetter
op moarnsbrea de bûter
op moed mei frije stof.
Altyd wer komsto tichteby
altiten giesto oer de tonge.
Yn gesmak bisto te hearren
d’ earen fange it flústerjen
yn ‘e eagen sjoch ik dy stean.
Dyn bylden spegelje yn elk rút
oan pylders sjoch ik dy hingjen
oeral bisto, yn ‘e sliep as dolle dream.

Djoeisk as in bok langje ik
ûnder de lampe fan dyn leafde
nei feriening yn lytse ivichheid.
Wy dogge as fisken boppe seeën
springe oer ‘e spegels fan ús lok,
we swierje troch de weagen
en rêste by boeien fan genot.
Wy bern fan ‘e folle moanne
twinkelje yn brodske tsjusternis,
we rôlje bleate liven rûn
op klamme ierdske dauwe
wat dochs bjusterbaarlik is.

As reid bin ik… befluitsje my
plôkje de stâle út it wetter,
ik gean òp yn dy
wol yn dy wêze.
Fang me frij yn dyn ovalen
finzenis, befiskje my.
Ik hûnger nei dyn hûd
yt dyn drúf en geile slaad,
sûgje jonge tsiis as sêfte aaien.
Lit ús net ferlieze yn leven.
Do bist mei ’t libben tige bûnt,
yn dwaan en litten eigen haad.

Mar no hat in firus dy ferslein.
En ik fersûp hast op sterk wetter.
Liven falle útinoar en sielen skrieme.
Gjin sinne skynt, in skriele moanne
ljochtet noch ús herten tinzen.
Gjin azem mear, gjin lok noch leafde
ach, do laborante fan myn libben
adieu farewell hoihoi oant sjen.
No giest noch ienris oer de tonge,
mar nea wer tefreden mei frije stof
of as bûter op it brea en ‘e bôle.
Oan ús aller ein slacht de klok.

3 April 2020


Foar Korona

Kloate Korona
Ik wol net mei dy op bêd
Mar do harkest net.

Benei tolven al
Stroffelet noch in routôch
Stil yn firus fal.

Fierderop stimme
Fûgels sangen meifielend
Flechtsje flinters fuort.

Wy slute ús op
Om inoar net foar jimmer
Misse te moatten.

2020


Oer leechte

Leechte is meastal fol mei neat
wat ûnopfallend liket: lucht.

Hollen binne soms leech, mar ek
boarden, strânen, wolken, wurden.

Oeral leechte: om dy hinne
yn eigen syl, yn leaf en hert.

De moaiste is dy op papier
jo meie dy net weimuozje.

Sûnder leechte binne we nea
fol freugde, leafde driuwt derop.

We smeke, leauwe, by gjin ge-
mis reitsje we net ferfolle.

Leechte libbet út yn it sicht
kin sels deaden keare litte.

Yn it keale fan it nearne
it neat fan al, foarmet romte.

Krekt dan is der himelsk wûnder
plak foar ierde en kometen.

Foar ús minsken wurdbewenners
bliuwt oer har fol te fermeitsjen.

2018


Of emptiness

Emptiness is usually full of nothing
which seems unobtrusive, air.

Heads can sometimes be empty or
words beaches clouds plates.

Emptiness all around: around you in
yourself your soul your body your heart

The finest is the one on paper
you cannot hide her away.

Emptiness revels in full view
she can even repel the dead.

Without emptiness we’re never full
of joy, love is driven by it.

We beg, believe, without
voids we’ll never get filled.

In the barrenness of nowhere
the nothing of all, emptiness becomes.

Only then – zooming miracle –
is there room for earth and planets.

For our kind: word citizens
it only remains to fulfil her.

Oersetting Trevor Scarce

2018


Frijersgong

wat wol ik leaver as yn earmen fan in frou
dreame oer wêr’t ik weikaam út it neat
mar fierder moast
as mei widzjen langje nei in ivichheid
yn ’e sliep bedobbe ûnder waarme trou?

wekker wurde as stjerren raze yn ’e bûk
fan har ûnderwêzen skonken himelsk
en fierder wei
it balten fol ferwyt oer ierdske brekken
bêdzje yn it rûzjen fan de flecht temûk?

wêr oars leit myn wrede lot fan in frijersgong
as op de ein fan wêzen it swart gat
djip fierder sûcht
mei fertriet ferfolle en fol ferlet noch
d’ eale ein foar feint en faam in bokkesprong?

wat libbet mear as ien nei de azem rûke
swetse út it boarst ien lea mei dy oar
hoe fierder no
leaver frije as frij mar better oarsom
sjong tútsje dûnsje springe út de fûke?

wat wol ik leaver as yn earmen fan in frou
dreame oer dêr’t ik yngong nea foar neat
net fierder mear
it is genôch is dien hat west oerlibbe
brek wet en tiid romje wynsels fan it tou

2011


Grutte eagen

 Ynstil en smûk yn it hege bêd op tsjillen
leit ús heit noch klam, de grutte eagen kâld.

Hy is net mear, sizze susters dy’t ferdwine
efter it wyt gerdyn is de âlde wrâld.

Yn it finster stiet in foto fan de widze
mei heit as poppe, de grutte eagen bliid.

Sêft en hoeden kear ik him mei’t sicht nei bûten
krekt wie hy hjir mar no sjocht er út de tiid.

2001


As it is      is it sa

It leafst bin ik yn mysels keard
Mei de minsken laat mar ôf
Fan ’e feart en de tinzen

Dochs ûnder de barte fan dyn eagen
Lis ik graach oan foar de griene iggen

Fûl mei wiettens my tawurpen
Spot ik gefaren yn dyn weeën

Dûzich en fêst troch ’e wijreek
Fan dyn spinfuotsjende wurden

Is it as yn mysels ferkeard

2015


Wânswert

Godlik doarp op ‘e romte
Grize golle yn geile greiden
Toer mei swiere grûnslach
Tekken oer krêbebiter
En swarte klean.
Nea feroare swijsum
Lyts feroare nea
Ien rûntsje fjouwerkant
Ferfallen nijbou raffeltried.
Gjin slachters mear gjin smid
Loas wurk leech fan minsken
Gjin winkelwaar gjin timmerark.
Bjinders broek boesgroen en bôle
Yn fytskoer nei buorkerij
Net mear.
Doch neat feroare
Nee feroare neat
Wêda’s doarp.

Simen Oetie                  sept. 2011


Snein

It paad wie lang fan stappen mar frege gjin wurge tiid
Boartlik dideldeinen wy lans bûnt jongfee dat bolbjirken wie
Bewûnd’re dûnsen we yn blommewielde en mearkleurich gers
It nea útlêzen boek lei ús beknypt yn ‘e hannen

De hear wie fol mei wurden mar dat makke gjin sprút út
Slaafsk spilen wy âlders nei, stinden en dienen ús plicht en died
Telden ljochters en finsters en folgen de skaden fan it ljocht
Meigeand oan ‘e hân ferlieten wy dizze wurdewrâld

Nei falsk gesjong wer bûten fielde it rinnen hiel fier
Wy seagen ljippen foar de wolken as in skûtsje wjukjend skean
In skries rôp súntsjes op in peal en hold him steande op ien poat
Thús stie kofje mei klûntsjes ree en koeke op it plús

No ryd ik om op tsjillen en sjoch werom yn dy tiid
Ferkavele greiden lizze leech en sliepe modderneaken
Yn it wurdgebou sjongt in frou oer ierden-wurk dat my rekket
De pracht wurdt útstald en yn har echo bliuw ik hingjen

2003


muzykferiening

hjirre binne we mei muzyk wer ien
smûk meiïnoar toanen oer ús hinne
makket de tekken fan lûd ús ferlin’
ien yn dwaan en litten soe it kinne

de noaten binne heech of leech en ek
wol koart of lang en sêft of lûd jawis
we spylje yn ’e maat oars giet it mis
yn muzyk is foar elkenien in stek

we wolle mear folle mear elts syn maat
polonêze gavotte en noch mear
we sille spylje dûnsje kear op kear
mear fan dy muzen en dan de taap

ien plak ien tiid wêr geane we hinne
geandewei fierder swalkjend mei de wyn
rinne we wei fan ûnder de sinne
wiene we hjirre mei muzyk wer ien.

 Simen          Kubaerd, Heareklub, 31-12-01


De PC en it hynder

Pake yn ‘Peazens Centrum’ hie in hynder foar de sport.
Hy liet him drave, rinne, draaie, springe, en sa fuort.
Faak kaam skom op ‘e mûle en wyt swit út it gat.
As boaike aaide ik moannen en kroande mei, genot!

Ienkear krige er in krânse om ‘e haam: heechtiidsdei.
Letter kaam de tiid dat er net rûn mar raasde.
Knipte fan syn sturt, wylst hy switte, stinde en blaasde.
Doe wie it spultsje út, de swarte hierren naam ik mei.

‘Jou hjir mar,’ sei baltsjesmakker en proppe se yn it lear.
Sa kaam it dat myn happes hier yn ‘e bûse belâne,
Jûke, en wachte op in kâns mei te striden foar de ear.

Sân kear siet ik foaroan op It Sjûkelân en wie net blyn.
Koe in kweabal heine en kaam mei egen bal yn ’t spul telâne.
Op fiif om fiif en skjinne seis sloech Hotze him de himel yn!

Simen             2005