It Libben in Dream

‘De mensen om hem heen zaten ook in zich zelf gekeerd, zij zwegen en wanneer hun ogen hem schichtig maar waakzaam als een hond monsterden, voelde hij zich met hen verbonden door een ver verleden waarvan hij geen besef had, maar dat rook als opa’s pijp. Toen zag hij zichzelf in rook opgaan, opgelaten in deze reis. Hoog in het blauw: kon een ballon eenzaam zijn? Een zeepbel eeuwig pronken? Romke verveelde zich niet meer aan het raam, hij leed.’


De minsken om him hinne sieten ek yn harren sels keard, hja swijden en wannear’t de eagen him skril mar wach as in hûn meunsteren, fielde er him mei harren ferbûn troch in fier ferline dêr’t er gjin aan fan hie, mar dat rûkte as pake syn piip. Doe seach er himsels yn in smook sweven, oplitten yn dizze reis. Heech yn it blau: koe in ballon iensum wêze? In bûle ivich pronkje? Romke ferfeelde him net mear by it rút, hy litte.

It libben in dream fan Simen Oetie is nijsgjirrich. It is útjûn fan de bysûndere útjouwerij Elikser oan de Oksekop yn Ljouwert. Soe men it boek allinnich neame om’t de skriuwer in soan fan E.S. de Jong silger út Bolsert, propagandist fan de Kristlik Fryske Folks-Bibleteek en yn dy kwaliteit fan grutte betsjutting foar it fuortsterkjen fan it Frysk lêzen en skriuwen. Syn gewicht yn goud wurdich. It boek is oan him opdroegen.

‘Roman yn ferhalen’ neamt Simen Oetie it, ferhalen dy’t foar in part yn oare foarm earder publisearre binne. Mei it begjin net al te nijsgirrich wêze , as’t de skriuwer de wjukken útslacht en út Bolsert weitsjocht, komt er mei kostlike ferhalen. As ambassadeur fan de Kabouter Republyk Amsterdam reizget er nei Kopenhagen. De wrâld is rom en royaal dêr, de offisjele ûntfangst en de ôfrin heechst komysk beskreaun. Lykas de reis fan in goed-wike mei de trein, in foege tsientûzen kilometer, fan Moskou nei Wladiwostok. Ek in moaie beskriuwing fan freonskip kriget plak yn it, sjoen de wize fan beskriuwen, fierhinne auto-biografyske boek.

G. Abma Lyts Frisia.   Jiergong LIX nûmer 4, desimber 2010.

 

Ik moast “It libben in dream” al lêze as ik him ynterviewe woe. Dat ik bestelle it boek by de útjouwer en twa dagen letter lei it al yn de brievebus. It omkaft fan it boek is as in skilderij fan Rene Margritte: in wite muorre, in wite treppens by de muorre giet op nei in wite doar. Efter de doar in lânskip, wolken en in luchtballon dêr boppe. It tekenet de titel mar faaks ek wol mear fan de “roman yn ferhalen”. De haad persoan is Romke, net de ik-persoan yn alle ferhalen, mar wol it middelpunt. Romkes jeugd is yn Fryslân, mar nei syn jeugd leit de hiele wrâld oan syn fuotten. Amsterdam, reizgje troch Ruslân, Sibearje, Kolombia, Kopenhagen, Midden Amearika, hasj, frije leafde, anargystyk libje. Dat is de dream fan dit boek. Simon Oosting in De Oesdrip